Grien Links tsjin Suderseeline

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamerfraksje fan Grien Links is tsjin de oanlis fan 'e Suderseeline. Fraksjefoarsitter Femke Halsema kiest foar 'it ferbetterjen fan it spoar tusken Swolle en Ljouwert' en dat is wer tsjin it sin fan 'e GrienLinks steatefraksje yn Fryslân.
Ferline wike reizge de steatefraksje nei Den Haach om te pleitsjen foar de Suderseeline, mar dat hat net holpen. Halsema sei tongersdei yn Ljouwert dat se de Suderseeline te djoer fynt.