Ljouwerter plysje fûllearret

© Omrop Fryslân
De plysje hat it winkeljend publyk fan Ljouwert tongersdeitejûn previntyf fûlleard. 390 minsken en 51 auto's waarden kontroleard op wapenbesit. De plysje hat 18 wapens yn beslach nommen, wêrunder 14 messen, in honkbalknuppel en in hockeystick.
Twa minsken waarden oppakt. In 39-jierrige Ljouwerter hie in buske mei gas by him en in 48-jierrige man út Menaam hie in stiletto en ek in gasbuske by him.