Voorstraat Kollum noch net skjin

© Omrop Fryslân
It sil noch wol in pear jier duorje foardat de fersmoarge grûn yn de Voorstraat yn Kollum opromme wurdt. Dat seit wethâlder Hogendorp. De saak is no yn hannen fan de provinsje, mar as it moat wol ek de gemeente wol jild op tafel lizze om de rommel op te rêden.
Stomerij Smid is de oarsaak. De grûn ûnder it bedriuw is slim fersmoarge, mar ek ûnder de wenten fan de buorlju binne de konsinstraasjes PER en TRI fierstente heech.