Prate oer parkearen yn Boalsert

29 okt 2004 - 11:12

Bewenners fan it sintrum fan Bolseart fine dat hja fergees parkeare moatte kinne yn de binnenstêd. Dat kin no en dat moat sa bliuwe. Dat die bliken op in gearkomste dy't it gemeentebestjoer regele hie. Neffens de gemeente nimt de parkeardruk ta yn de binnenstêd en moat der wat gebeure.

Tal fan bewenners fine lykwols dat der gjin problemen binne as it winkel- personiel bûten it sintrum parkeart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)