Aksje foar Kringloopwinkel

29 okt 2004 - 11:05

It personeel fan de fallite Drachtster Kringloopwinkel hat nochris 1100 hantekens oerlange oan de gemeente. It personiel wol dat de gemeente der alles oan docht om de winkel en harren banen te behâlden.

De gemeente is lykwols al twa jier gjin eigner mear fan de kringloop en kin dus net in soad dwaan. De lêste twa jier wie it bedriuw eigendom fan Reax. Dochs komt der in ein oan de ûndernimming.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)