Snelheidskontrôle 3VO NE-Fryslân

© Omrop Fryslân
Notoire hurdriders yn Noardeast-Fryslân wurde opspoard troch de ferkearsfeiligensorganisaasje 3VO. Yn 18 doarpen kontrolearret 3VO tegearre mei doarpsbewenners wa't der no krekt te hurd ride.
Dat bart mei radarguns yn ûnopfallende auto's. Se steane op plakken wêrfan bekend is dat der te hurd riden wurdt. Der wurde gjin boetes útdield. It giet hjir om de aksje 'Meten is weten'. Faak binne de hurdriders eigen ynwenners.