Gjin aksjes Cambuursupporters

29 okt 2004 - 00:00

Cambuursupporters sille foarearst gjin nije aksjes mear ûndernimme tsjin trainer Dick de Boer. No't it bestjoer foarearst achter De Boer stiet sille ek de supporters harren hjir foarearst by del lizze. Koartlyn easken de supporters noch dat De Boer opstapt, omdat Cambuur foarlêste stiet yn 'e Gouden Gids Divysje.

Om de saak net fierder eskalearje te litten ha bestjoer en supporters tongersdeitejûn oerlis hân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)