Acht ûntwerpen foar monumint

© Omrop Fryslân
Oant no ta acht keunstners ha in ûntwerp makke foar in monumint foar de deastutsen Manuel Fetter. Neffens it Ljouwerter gemeenteriedslid Wyb Feddema binne it hiel ferskillende ûntwerpen, kwa materiaal fariearjend fan rustfrijstiel oant leistien en der is sels in ôfbylding fan Fetter by.
Ynkoarten sille Feddema, Harold Fetter (broer fan Manuel) en boargemaster Dales in kar meitsje. It monumint soe op 'e piip by it Naauw komme moatte.