Soad stipe foar Fryske lês

© Omrop Fryslân
Hast 700 taalleafhawwers hawwe harren op 'e website fan Onze Taal útsprutsen tsjin it beheinen fan Fryske les op de basisskoalle. Neffens taalkundige Frank Jansen soe dat ûnderwiis beheind wurde moatte omdat it tefolle tiid en enerzjy kostje soe. Neffens de stimming op 'e website is mar 32 % fan 'e hast tûzen stimmers it mei Jansen iens.
Alle oaren, 68 %, binne tsjin it beheinen fan Fryske les. Dêr binne Friezen by, mar ek in soad Flamingen.