400 asylsikers yn needopfang

© Omrop Fryslân
Ut in ynventarisaasje fan Flechtlingewurk Fryslân docht bliken dat der yn Fryslân sa'n 400 asylsikers yn needopfangplakken of by minsken thús sitte. De measte asylsikers binne útprosedearre en kinne gjin kant op.
Wytmarsum fangt in grut diel dêrfan, sa'n 100 minsken, op. Trijekwart fan de Fryske gemeenten jout jild om de asylsikers yn need ûnderdak te jaan. De opfang is yn hannen fan 20 frijwillige needhelpgroepen.