Debat takomst Fryske Akademy

© Omrop Fryslân
Deputearre Mulder hat syn nocht fan it geëamel oer de Fryske Akademy. Hy sei dat woansdei by in debat oer de takomst fan it Frysk wittenskiplik ynstitút. De KNAW, de Koninklijke Academie voor Wetenschappen, krijt in grutte rol yn it bestjoer fan de nije akademy.
Guon minsken binne benaud dat troch de rol fan de KNAW de akademy syn ûnôfhinklikens kwyt rekket. Neffens deputearre Mulder is dat grutte ûnsin om't de ûnôfhinklikens goed fêstlein is.