TVM bliuwt sponsor fan reedriden

28 okt 2004 - 11:08

TVM bliuwt oant de Olympyske Spelen fan 2010 yn Vancouver haadsponsor fan de reedridersploech. De fersekerder makke dat by de presintaasje fan de ploech bekend. Betingst is dat fan 2006 ôf trije sponsorutingen op it pak komme yn plak fan twa. TVM tinkt dêr fan it winter in akkoart oer te berikken mei it reedridersbûn KNSB.

Earder like it derop dat TVM ophâlde soe mei de sponsoring as toppers lykas Ritsma mooglik nei 2006 ophâlde soenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)