Histoaryske rûte troch 3 doarpen

© Omrop Fryslân
Stynsgea, Surhuzum en Droegeham wolle in rûte fan histoaryske paden yn de trije doarpen oanlizze. Doarpsbelangen sil de kommende moanne in ynventarisaasje meitsje fan de paden dy't ea troch de doarpen rûnen.
Lânskipsbehear Fryslân soarget foar de koördinaasje en subsydzje. Stynsgea, Surhuzum en Droegeham tinke dat der in aardige rûte troch de doarpen komme kin. It giet om âlde nonne-, tsjerke- en skoalpaden.