Tresoar offisjeel iepene

© Omrop Fryslân
Histoaryske en letterkundige dokuminten en útstallings binne foar in breder publyk tagonklik wurden, no't trije ynstellings yn Ljouwert fusearre binne. De Provinsjale Biblioteek, it Ryksargyf en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum binne opgien yn Tresoar.
Deputearre Mulder hold woansdei in taspraak by de offisjele iepening. By it útwurkjen fan de organisaasje is fral rekken hâlden mei ict-mooglikheden.