Brede skoalle yn Akkrum-East

28 okt 2004 - 09:40

De brede skoalle yn Akkrum komt mooglik yn Akkrum-East. Dat is it plak dêr't earst it asylsikerssintrum komme soe. It plan stiet yn de doarpsfisy 'Akkrum op koers'. Doel is dat yn de brede skoalle de trije basisskoallen yn it doarp, de biblioteek en it pjutteboartersplak ûnderdak krije.

Ek soe der in nije sporthal byboud wurde moatte. De ynwenners fan Akkrum kinne har ynkoarten útsprekke oer de doarpsfisy 'Akkrum op koers'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)