Nijpels nominearre foar plûm

© Omrop Fryslân
It boarger-jierferslach fan kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels is ien fan de bêste trije boarger-jierferslaggen fan Nederlân. De stifting Rekenschap hat it ferslach dêrom nominearre foar in priis: de 'Rekenschap-pluim'.
De oare nominearren binne Noard-Hollân en Grinslân. It is it earste boarger-jierferslach fan Ed Nijpels. It is ferplichte sûnt de ynfiering fan it dualisme. Yn it ferslach stiet û.o. hoe't it mei de tsjinstferliening stiet.