Spanning by Gemeentebelangen

27 okt 2004 - 14:50

It rommelt yn Gemeentebelangen Fryslân. Wouter van der Brand út Harns hat syn funksje as foarsitter fan de politike partij dellein. Hy kin net mei de meiwurkster fan de ienmansfraksje yn Provinsjale Steaten oerwei. Se soe net goed funksjonearje. Yn plak fan dat de meiwurkster opstapt, docht de foarsitter dat dus.

Neffens Reitze Ketellapper, nûmer 2 fan de partij, hie it konflikt útpraat wurde kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)