Rjochtsaak oer speedboatferbod

© Omrop Fryslân
It konflikt oer it ynstellen fan in speedboatferbod is noch hieltyd net útiten. Dat die woansdeitemoarn bliken foar de rjochtbank yn Ljouwert. De provinsje wol it farren mei speedboaten op de Burgumermar ferbiede.
Rekreaasjesintrum Burgumermar en in skyskoalle binne hjir fûl op tsjin. Neffens de provinsje ûntsteane troch mear rekreaasje gefaarlike situaasjes. De rekreaasjebedriuwen binne it dêr net mei iens. De útspraak is oer seis wike.