Ynternet-enkête Skiermûntseach

27 okt 2004 - 11:59

Ynwenners fan Skiermûntseach binne oer it generaal tefreden oer it parkearferbod yn it doarp dat yn april fan dit jier ynsteld is. Dat docht bliken út in enkête fia ynternet.

Sûnt dizze maityd moatte bewenners har auto's op parkearplakken bûten it doarp sette. Sa wol it gemeentebestjoer wat dwaan oan de somtiden gefaarlike situaasjes yn it doarp. It wie foar it earst dat de gemeente de miening peilde mei help fan in ynternet-enkête.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)