Rolling Home al wer útferkocht

© Omrop Fryslân
De foarstellings fan it stik Rolling Home dat toanielselskip Tryater opfiert yn it hûs fan kommissaris Nijpels yn Diken, binne al útferkocht. Moandei koe der tusken tsien en ien oere belle wurde foar kaarten en al dy tiid hat de telefoan net stilstien neffens Tryater.
It stik wurdt spile troch Klaasje Postma dy't it ek skreaun hat. It giet oer har mem fan 90 jier. It waard earst spile op Postma har pleats yn Wurdum, mar dêr is de skuorre net ferwaarme.