Skarsterlân wint priis MKB-Noord

26 okt 2004 - 15:07

Skarsterlân is de gemeente yn it Noarden dy't troch ûndernimmers it meast wurdearre wurdt. Dat docht bliken út ûndersyk fan wurkjouwersorganisaasje MKB-Noord. Dy hat 1500 ûndernimmers yn it midden- en lytsbedriuw har miening frege oer gemeenten yn Noard-Nederlân.

Skarsterlân waard heech wurdearre fanwege syn goede kontakten mei ûndernimmers. Ljouwert en Dantumadiel skoare min yn it ûndersyk nei de ûndernimmersfreonlikste gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)