Jonge swaait mei dolk en swurd

26 okt 2004 - 13:39
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintenacht in 17- jierrige jonge út Bûtenpost oppakt. De jonge stie yn syn âlderlik hûs mei in grut swurd en in dolk te swaaien. Neffens de plysje hie er nei alle gedachten drugs brûkt en wie er oan it hallusinearjen.

De heit fan de jonge belle de plysje. Dy brocht de jonge nei it buro. Op syn keamer waarden ek noch twa gram cocaïne en tweintich gram wiet oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)