Gearwurking noardlike plysjes

© Omrop Fryslân
In yntinsivere gearwurking tusken de trije noardlike korpsen fan Fryslân, Grinslân en Drinte moat liede ta mear blau op strjitte. De trije korps- behearders ha dêr moandei ôfspraken oer makke. It giet dan benammen om it gear- foegjen fan bepaalde funksjes lykas de finansjele of de personielsôfdieling.
Mei it jild dat sa besparre wurdt moat de eigen identiteit fan de korpsen behâlden bliuwe en moat de plysje faker de strjitte op gean.