Man betellet konsumpsjes net

26 okt 2004 - 12:15

De plysje hat moandeitejûn op 'e Lemmer in man oanholden dy't hieltyd konsumpsjes bestelde yn kafees sûnder dêrfoar te beteljen. De earste melding kaam om goed njoggen oere. De man wie doe krekt in hoarekagelegenheid útset.

De oare kafees en restaurants op 'e Lemmer waarden dêrnei alarmeard. Uteinlik koe de man oanholden wurde op it burgemeester Krijgerplein. Hy hie doe al op ferskate plakken syn slach slein. De man is heard op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)