Ien grutte VVV yn Fryslân nedich

26 okt 2004 - 11:01

Yn Fryslân moat ien grutte VVV- organisaasje komme dy't him yn de takomst allinnich dwaande hâlde moat mei de kearntaak: it ynformearjen fan toeristen. Dat is de belangrykste konklúzje fan it ûndersyk nei de takomst fan de Fryske VVV's.

It buro Marktplan Adviesgroep hat it ûndersyk dien yn opdracht fan de Keamer fan Keaphannel. De nije organisaasje Friesland Marketing sil de marketing en promoasje fan it toerisme fersoargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)