Langer tbs foar pensionhâldster

© Omrop Fryslân
De eardere pensionhâldster fan Eanjum, Marianne van der E. komt foarearst net frij. Har tbs wurdt mei twa jier ferlinge. Dat hat it gerjochtshôf yn Arnhem besletten.
De útspraak is yn tsjinstelling mei dy fan de rjochtbank yn Ljouwert in pear moanne lyn. Dy fûn dat de tbs fan de frou net ferlingd hoegde te wurden. Neffens it hôf is der noch hieltyd gefaar dat Van E. op 'e nij yn de fout giet as se frijkomt.