Skoalfúzje yn Hurdegaryp

26 okt 2004 - 09:50

Hurdegaryp hat fan moandei ôf mar ien iepenbiere basisskoalle. De skoallen Nije Winninghe en de Fûgelflecht geane ûnder ien dak fierder. Mar ek ynhâldlik is der sprake fan in fúzje tusken de Dalton- en de Jenaplanskoalle.

De bern giene moandei yn optocht fan de âlde nei de nije skoalle. It is hiel bysûnder dat in Jenaplanskoalle fusearret mei in Daltonskoalle om't se in ferskillende ûnderwiisfisy hawwe. Sy ha no in nij skoalkonsept ûntwikkele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)