Manifest oer Waadakademy

25 okt 2004 - 09:26

Wittenskiplik ûndersyk nei de Waadsee wurdt tefolle bepaald troch de politike aginda en dus de 'waan fan de dei'. Dat is ien fan de wichtichste redenen om in Waadakademy op te setten. Dat skriuwt in tal wittenskippers en bestjoerders yn in manifest.

Yn de Waadakademy moatte hegeskoallen en universiteiten yn Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân gearwurkje. Yn it manifest stiet wêrom't de akademy der komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)