Anton Wachter-priis útrikt
Sjoernalist Arjan Visser út Amsterdam hat sneontemiddei yn de Grutte Tsjerke yn Harns de 14e Anton Wachter-priis útrikt krigen foar syn boek De Laatste Dagen. De twajierlikse priis is foar it bêste literêre debút.
De namme fan de priis ferwiist nei de Anton Wachter-syklus fan de skriuwer Simon Vestdijk dy't yn Harns berne is. Earder waard de priis ek alris wûn troch skriuwer Arnon Grunberg, dy't dit jier de AKO-literatuerpriis 2004 krige.
Trefwurden:
argyf