Haadklassers spylje lyk

© Omrop Fryslân
Foar haadklassers Harkemase Boys en ONS Snits waard it sneon beide lykspul. De wedstryd Genemuiden - Harkemase Boys einige yn 3-3. Genemuiden naam de foarsprong, mar de Boys hellen dat hieltyd wer yn. Der wie noch in giele kaart foar Daniël Zeldenrust.
ONS Snits - VVOG bleau lang sûnder doelpunten. Yn de twadde helte skoarde ONS, mar de lykmakker foel flak foar de ein út in eigen doelpunt. Oanfierder Sandor van der Heide krige 2 kear giel.