Stekpartij: Feanster oanhâlden

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige man fan it Hearrenfean is freedtejûn oanhâlden omdat er yn Den Bosch belutsen wêze soe by in deadlike stekpartij. Dêrby kaam in 31-jierrige man út Den Bosch om it libben.
De stekpartij fûn freedtejûn om kertier oer achten plak. De plysje hâldt der rekken mei dat de stekkerij it gefolch is fan 'problemen yn de relaasje-sfear'. De man fan it Hearrenfean is op it plak sels oanhâlden.