CDA hat noed oer reizgers

23 okt 2004 - 14:50

It CDA yn de Steaten is benaud dat de treinen fan Noordned langer út rûlaasje binne. It NS-ûnderhâldsbedriuw ferhuzet mooglik fan Zwolle nei Hengelo of Amsterdam. Dat de treinen fierder fuort repareard wurde, mei fan it CDA net ten koste gean fan de reizgers.

De partij stelt der fragen oer oan Deputearre Steaten. Ferfiersbedriuw Noordned hat syn Wadlopers yn ûnderhâld by de NS yn Zwolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)