Kuierje mei GPS

© Omrop Fryslân
Steatsboskbehear wol mear kuierrûtes kreëarje dêr't mei GPS rûn wurde kin. Dat kin no inkeld by Appelskea en dat is in sukses. Minsken wolle mear as allinne mar de buorden mei de pylkjes folgje. De natuerorganisaasje makket no in Rekreaasjeplan foar Noard-Nederlân.
GPS is in mobyl navigaasjesysteem. De rûtes dêrfoar kinne fan ynternet helle wurde. Yn 'e takomst komme op mear plakken yn Fryslân mooglikheden om mei GPS te kuierjen sa as yn Gaasterlân.