Liedingen Frisia net yn it lân

23 okt 2004 - 13:53

Frisia yn Harns moat de liedingen by Easterbierrum fuort helje. Ek moat it sâltwinningsbedriuw 3 boerebedriuwen in skeafergoeding betelje. Dat hat it Hôf bepaald. By de pleatsen waarden begjin dit jier sâltliedingen oanlein.

Dat mocht doe, mar de rjochter bepaalde yn july dat de liedings net yn it lân mochten. It Hôf hat de boeren no gelyk jûn. Frisia moat de skeafergoeding binnen in wike betelje. De liedingen moatte mei 14 dagen fuort wêze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)