Trebol wer iepen

23 okt 2004 - 09:38

Trebol yn Harns is freed wer iepene. It kultureel sintrum hat oare eigners en in oare formule. Der is in nij restaurant en in nije teaterseal, dêr't ek films draaid wurde kinne.

It gebou fan Trebol hat in rûzige skiednis, mei leechstân en jildproblemen. Yn 1998 waard der noch 800.000 euro ynvestearre. Der liket no al in soad animo foar it nije Trebol te wêzen. Sneon is der in iepen dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)