Earste nederlaach Aris

23 okt 2004 - 09:01

De basketballers fan Aris ha tongersdei har earste ferlies ynkassearje moatten. Yn Den Bosch ferlearen de Ljouwerters mei 101-78. Aris miste de Amearikaan Randolph en kaam der net oan te pas.

De hiele wedstriid stie de ploech sa'n tsien punten achter. Yn it lêste kwart rûn Den Bosch út nei in gruttere foarsprong. Aris stiet mei fjouwer punten út trije wedstriiden yn de middenmoat. Snein spilet de ploech út tsjin Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)