Ferlies foar Hearrenfean

22 okt 2004 - 18:04

Hearrenfean hat tongersdei de earste groepswedstriid yn it UEFA-cup toernoai ferlern fan Benfica. Yn Lissabon kaam de Portugeeske fuotbalclub yn de earste helte op in 2-0 foarsprong. Hearrenfean hie doe net sa folle yn te bringen.

Yn de twadde helte fuotballe Hearrenfean minder skruten en kaam de ploech werom troch in frije traap fan Yildirim en in penalty fan Huntelaar. Benfica naam dêrnei de kontrôle wer oer en wûn mei 4-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)