Fabrykspiip dochs sloopt

22 okt 2004 - 18:04

De âlde skoarstien fan it fabryk fan Nooitgedagt yn Drylts giet dochs tsjin de flakte. It kolleezje fan B & W fan Wymbritseradiel leit dêrmei in moasje fan de mearderheid fan de gemeenteried njonken him del.

It kolleezje fynt dat de oerdracht fan de byldbepalende skoarstienpiip oan in spesjale stifting tefolle finansjele risiko's meibringt. De PvdA is poer oer de wegering fan it kolleezje om de piip te behâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)