Sandra: 'Ik ha faak warskôge'

© Omrop Fryslân
Sandra, de eks-freondinne fan 'e man dy't fertocht wurdt fan it deastekken fan Manuel Fetter, hat faak warskôge foar har eks Hassan, mar se is foar har gefoel nea serieus nommen. Ut eangst foar de heit fan har twa bern libbe Sandra (22) in skoft ûnderdûkt. No't de man fêst sit doart Sandra wer yn Ljouwert en op strjitte te kommen.
Sandra wie freed yn Ljouwert om blommen del te lizzen op it plak dêr't Manuel Fetter deastutsen waard.