Poppefangsters nei de Lemmer

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân besiket kreamheinsters nei de Lemmer te krijen, troch se foarrang te jaan by de tawizing fan huzen. Der is no romte foar in klinyk foar swangere froulju op 'e Lemmer, mar der is noch net ien dy't de bern op de wrâld sette wol. Dat betsjut dus feitlik gjin Lemsters mear berne wurde. Froulju dy't in poppe krije, moatte no nei sikehûzen yn Emmeloord, Snits of it Fean. De gemeente wol dat feroarje.