H'fean: selde team as tsjin Ajax

© Omrop Fryslân
Hearrenfean spilet tongersdei tsjin Benfica mei deselde spilers as ôfrûne sneon tsjin Ajax. "In team yn dat yn foarm is moatte je net feroarje", seit trainer Gert-Jan Verbeek. Foar de bank hat Hearrenfean Thomas Prager (18) en Jeroen Drost (17) meinommen.
De opstelling sjocht der nei alle gedachten sa út: Vandenbussche, Haarala, Seip, Hansson, Rzasa, Väyrynen, Radomski, Bruggink, Yildirim, Huntelaar en Sikora.