Oprop Polderman ta demonstraasje

22 okt 2004 - 10:39

De Fryske bestjoerders moatte freed massaal nei De Haach om te protestearjen tsjin it kabinetsbelied. Dat fynt boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel.

Op inisjatyf fan de Vereniging fan Nederlandse Gemeenten wurdt der freed in protestgearkomste hâlden op it Malieveld yn Den Haag. De gemeenten binne it net iens mei in tal plannen fan it kabinet dy't fiergeande gefolgen hawwe foar de gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)