Trije jier sel foar notaris

22 okt 2004 - 10:39

Ald-notaris Van Wolde fan Wolvegea hat fan de rjochtbank yn Ljouwert 3 jier sel krigen, wêrfan in heal jier ûnder betingst. De man krijt de straf omdat er mear as in miljoen fertsjustere hat yn de tiid dat er notaris wie. De man wie gokferslaafd en joech it jild foaral út op de drafbaan yn Wolvegea. Neffens de rjochter is de straf sa heech, omdat de notaris in foarbyld- funksje hie. De straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)