Taksaasjedei foar âlde bibels

© Omrop Fryslân
In pear hûndert besikers kamen tongersdei ôf op de taksaasjedei foar âlde en seldsume boeken yn Wolvegea. Feilinghâlder Arie Molendijk taksearre de âlde boeken, dêr't gauris in bibel tusken siet.
In bysûndere fynst siet der lykwols net tusken. It wie ek mooglik om de âlde boeken restaurearje te litten. Ek wie der immen dy't ferstân hie fan âlde ansichtkaarten.