Strânpaviljoen Lemmer wer faai

© Omrop Fryslân
De Lemmer moat mooglik noch in jier wachtsje op in strânpaviljoen. Horeka-ûndernimmer Johan Visser dy't it paviljoen bouwe sil, kin de finansiering net rûn krije.
De bou soe dizze moanne útein sette, mar Visser hat dat no útsteld. Wethâlder Wesselius fan de gemeente Lemsterlân seit dat der gau wat gebeure moat. Mooglik kinne eksterne finansiers byspringe om it paviljoen dochs foar de simmer ôf te krijen.