Cd Griet Wiersma docht it goed

21 okt 2004 - 14:57

De nije frysktalige cd fan Griet Wiersma is in grut súkses. It album 'Werom yn de tiid' waard fjirtjin dagen lyn presintearre en der binne no al sa'n 1000 fan ferkocht. Yn 'e list fan bêst ferkochte cd's dizze wike fan de lanlike muzykwinkelketen Musicstore stiet 'Werom yn 'e tiid' op it 46e plak.

Utjouwer Marista fan Dronryp ferwachtet dat de nije cd fan Gryt nije wike binnenkomt yn de Album Top 100.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)