Frou slim ferwûne by ûngelok A35

© Omrop Fryslân
In frou (33) út Hearrenfean is nei it sikehûs fan Grins brocht nei in ûngelok op de A35 by Enschede. De frou rûn slimme brânferwûnings op doe't har auto yn de brân fleach nei't se op in Tsjechyske frachtwein botste.
Der stie in file fanwege wurksumheden oan de dyk. Fiif foertugen riden dêr op yn. By it ûngelok binne in mem (65) en in dochter (37) omkommen. Sy waarden plet tusken in touringcar en in frachtwein.