CWI let mei útkearings
Wurkleazen dy't har oanmelde by it sintrum foar wurk en ynkommen, it CWI, moatte lang wachtsje foardat se in útkearing krije. Dat docht bliken út de nije Wachtkeamer-enkête fan it fakbûn FNV, dy't hâlden is ûnder 1900 minsken dy't wachtsje op in útkearing.
It CWI-kantoar yn Drachten komt wol aardich posityf út it ûndersyk. Oanfragen wurde dêr gau ferwurke en der wurdt frij rap jild útkeard.
Trefwurden:
argyf