Oldenburger leit skuld by steat

21 okt 2004 - 10:34

De fallite ôffalferwurker Oldenburger út Ljouwert wol de steat oanspraaklik stelle foar it fallissemint. Fan de strafsaak tsjin Oldenburger is net folle mear oer. It Iepenbier Ministearje easke yn it begjin in boete fan 100.000 gûne foar twa BV's.

It gerjochtshôf bepaalde dat boetes fan 500 en 2000 euro genôch binne. Oldenburger moast earst in healjier de sel yn, mar dat is in moanne ûnder betingst wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)