Reboelje oer doarpshûs Aldwâld

21 okt 2004 - 10:24

Oer de nijbou fan it doarpshûs yn Aldwâld, Kollumerlân, is reboelje ûntstien. It doarpshûs moat in plakje krije by de kristlike basisskoalle yn it doarp. It stiftingsbestjoer dat him dwaande hâldt mei de nijbou wol dêr ek in bernedeiferbliuw ynrjochtsje.

Guon ynwenners binne it dêr net mei iens. Sy tinke dat bern dan nei de kristlike skoalle gean sille en dat it de ein betsjutte sil foar de iepenbiere skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)